Piet Paulusma wer werom op telefyzje

24 sep 2018 - 12:59

Piet Paulusma begjint moandei wer mei syn wurk op telefyzje. De waarman wie inkele wiken út de rûlaasje fanwege sûnensklachten en in sikehûsopname.

Martsje Paulusma - Foto: Omrop Fryslân

Paulusma is yntusken wer aardich opknapt en dat betsjut dat er fan moandei ôf wer úteinset mei it telefyzjewurk by Omrop Fryslân en SBS. Yn de wiken dat er net oanwêzich wêze koe hat syn dochter Martsje Paulusma it wurk fan him oernaam.

Paulusma wol it wurk stadichoan wer oppakke, fandêr dat de radio earst noch yn hannen bliuwt fan Jan Jonkman.

"It giet goed"

Hy is bliid dat er wer even op de radio is. "Hjoed begjin ik wer mei telefyzje by de Omrop, mar radio doch ik noch even net. It waar op de radio is hiel yntinsyf , it begjint om kertier foar seizen moarns en giet de hiele dei troch. Ik moat noch wat mear herstelle en mear rêst pakke. Mar it giet goed, eins fantastysk. Ik ha fansels wol twa operaaasjes hân yn fiif wiken tiid."

Hy wol graach wer oan it wurk. "De dokter sei ek gean dyn gong, ast it dwaan kinst, gewoan dwaan. It wie bytiden wol swier en ik wist dat nei de earste needmaatregel noch in ferfolchoperaasje kaam. Dat wie frij flot, gelokkich mar."

Hy is is hiel wiis mei de reaksjes dy't er krigen hat. "It wie fantastysk, de waarmte fan de minsken. Alles is trochgien, mei Martsje en Jan. Geweldich dat it sa kin. Ik bin grutsk op Martsje. Se hie it ien kear earder dien, mar dit kaam no totaal ûnferwachts. Se sei: ik spring der yn. Mei Edo hat se it fantastysk dien."

Piet hat in soad kaarten krigen. "Ek op dy kaarten skreaunen minsken dat Martsje it geweldich die." Dy kaarten kamen net inkeld út Fryslân, mar út hiel Nederlân. Hy sil him de kommende moannen faker ien of twa dagen ferfange litte om wat mear rêst te krijen. "Ik ha leard dat ik goed om mysels tinke moat."

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma
(advertinsje)
(advertinsje)