Alle Stints wurde wiidweidich neisjoen

24 sep 2018 - 12:41

Alle Stints dy't yn Nederlân ride, wurde troch it bedriuw dat se makket de kommende tiid wiidweich neisjoen. Dat bart nei oanlieding fan it dramatyske ûngelok ferline wike yn Oss dêr't fjouwer bern omkamen neidat in Stint op it spoar oanriden waard troch in trein.

foarbyld fan in Stint-bakfiets - Foto: stintum.com

Simone Scheffer rydt mei de Stint

Der binne 3.000 fan dizze ferfiersmiddelen dêr't benammen bernedeiferbliuwen gebrûk fan meitsje. Friesland Lease hat der 1.200 ferhierd yn it hiele lân. Dêrfan binne der ek hûnderten yn Fryslân. Jan Baljeu fan Friesland Lease fynt it prima dat der in ekstra check komt, mar fynt ek dat de Stint noch altyd it meast feilige ferfiersmiddel is foar bernedeiferbliuwen.

"Het is technisch een van de eenvoudigste voertuigen," seit er. "Er is een jaarlijkse controle, maar het is goed dat dat nu vaker gebeurt. Mensen zijn ongerust, en terecht na dat verschrikkelijke ongeluk." De dei nei it ûngelok waard syn bedriuw in soad belle en maild. "Mensen hadden veel vragen. Niemand kan garanderen dat er niets kan gebeuren, maar tot nu toe waren ze heel veilig. Het ongeluk moet eerst worden onderzocht."

Neffens him binne der alle dagen wol sa'n 6.000 ritsjes, mar miskien is dat ek wol it dûbele.

Trefwurden: 
Stint Friesland Lease
(advertinsje)