Fragen oer sluting kantine sportsintrum De Steense yn Wolvegea

24 sep 2018 - 11:50

It is noch ûndúdlik wat der bart mei de sletten kantine fan sporthal De Steense yn Wolvegea. De belutsen partijen wolle fan de gemeente witte oft en wannear't in definitive oplossing komt. Al yn 2014 hat de gemeente Weststellingwerf it kontakt mei de pachter opsein fanwege in finansjeel skeel. Oant 1 july fan dit jier is der in berop dien op Beijk Catering út Roden, dy't ek op de drafbaan en by SC Hearrenfean de catering fersoarget. No is de kantine fan De Steense lykwols ticht.

Foto: Google Streetview

Benammen sportferiening De Griffioen hat by de gemeente klage oer de situaasje. Foarsitter Fokke Kuiper fan de follybal-ôfdieling fan de Griffioen fynt it ûnbegryplik dat de gemeente it safier komme litten hat. "Aan het eind van het vorig sportseizoen zagen we de bui al hangen. We hebben toen de gemeente gevraagd 'hoe lijkt het?' We kregen als antwoord 'het komt goed'."

Tusken Beijk Catering en de gemeente ha meardere petearen west. Marcel de Boer fan Beijk wol net yngean op dy petearen. De gemeente hie wurkje wollen mei minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Dy wiene neffens De Boer net te finen. De gemeente ûndersiket neffens him hoe't it no fierder moat. Dat ûndersyk duorret op syn minst oant jannewaris, seit er. As it oan Beijk leit, giet de kantine fan De Steense fuortdalik wer iepen.

"We hebben deze week een gesprek met de gemeente. Als we er dan niet samen uitkomen halen we onze spullen weg uit de kantine, zoals volledig inventaris, meubilair, audio etc. Van mij mag iemand dat ook overnemen. We willen de kantine graag open hebben in het belang van de verenigingen. De gemeente is aan zet, maar het is allemaal niet handig, dit had je kunnen voorkomen.''

Tydlike oplossing

De gemeente hat de ôfrûne twa dagen in cateringsbedriuw ynhierd om sa dochs noch in tydlike oplossing te bieden foar de sletten kantine. Sportwethâlder Jack Jongebloed wol oant de riedsgearkomste moandeitejûn net reagearje. De fraksje fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf hat fragen steld oer de kwestje.

SDW-riedslid Dirk Dublin neamde de situaasje earder ûnakseptabel. ''Een kantine is het kloppende hart van een sportcomplex, een ontmoetingsplek voor zowel sporters van binnen als buiten de gemeente'', seit er.

De Griffioen wol woansdeitejûn mei alle gebrûkers om tafel as der moandei gjin oplossing oandroegen wurdt.

Trefwurden: 
Wolvegea Steense kantine
(advertinsje)
(advertinsje)