Fysike trainer fan Nederlânsk alvetal helpt by SC Cambuur

24 sep 2018 - 11:39

SC Cambuur krijt de kommende moannen advys fan Jan Kluitenberg. Dat is de fysike trainer fan it Nederlânsk alvetal. Kluitenberg sil by de Ljouwerters Nicky Boonstra stypje, dy't de rol op him nimme moat.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Cambuur moast op syk nei in nije fysike trainer, trochdat Pim Koolwijk fanwege in oare baan fuortgien is. Boonstra sil dy rol oernimme, mar om him te begelieden sil Kluitenberg him oant desimber fjouwer dagen yn 'e wike bystean. Kluitenberg wurke yn it ferline ek foar ûnder oaren Benfica, Feyenoord en Everton. Hy wie by dy klups de rjochterhân fan Ronald Koeman, dy't no bûnscoach is fan it Nederlânsk alvetal.

Technysk manager Foeke Booy lit op de webside fan Cambuur witte bliid te wêzen mei dizze oplossing: "Nicky krijgt nu de kans om zich onder de vleugels van Jan verder te ontwikkelen. Dat is goed en mooi voor zowel Nicky als de club. Jan zijn CV spreekt wat dat betreft voor zich en van zijn kennis en kunde kunnen we allemaal profiteren."

(advertinsje)