Nij skoaljier en in nij skoalgebou foar de learlingen fan Gomarus

Gomarus
In nij skoaljier is foar in soad bern fuortendaliks ek in nije start mei nije kânsen. En hoe kinne je dat better begjinne as yn in nagelnij gebou. De learlingen fan de middelbere skoalle Gomarus yn Ljouwert krije dit jier dy kâns. Se binne al wer eefkes oan it learen, mar moandei wie de offisjele iepening fan harren nije skoalgebou.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It is ek nochris dûbeld feest foar it Gomarus-kolleezje yn Ljouwert. Want njonken de iepening fan it nije skoalgebou hat de skoalle no ek plak foar de havo-boppebou. Learlingen fan de skoalle giene dêrfoar earst nei Grins ta. Dat hoecht no dus net mear.
Minsken dy't by de iepening oanwêzich wiene waard frege om in donaasje te jaan. It jild is bedoeld foar de organisaasje ZOA dy't mei it projekt 'Wij een school, zij een school' bouwe oan ûnderwiis yn Uganda.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra