FNP skrikt fan sifers oer Frysk ûnderwiis

24 sep 2018 - 10:03

De fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen is bot skrokken fan de sifers oer it Frysk ûnderwiis op skoallen.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Ofrûne wike waard dúdlik dat op mear as de helte fan de skoallen it Frysk ûnderwiis net goed genôch is. Fan de basisskoallen hat mar in goede 30 persint de plannen klear, it fuortset ûnderwiis hellet de 40 persint net.

Mei de provinsje is no ôfpraat dat skoallen oant 2030 de tiid krije om ien en oar op oarder te bringen. De FNP fynt dat dat fiersten te lang duorret. De partij sprekt fan ferskriklike sifers en wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte hoefolle skoallen yn Achtkarspelen de plannen net klear hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)