Ljouwerter plysje hie it dit wykein drok mei balstjurrige manlju

24 sep 2018 - 09:24

De plysje hat sneontenacht in 54-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling. Yn in wenning oan it Zuidvliet krige er om twa oere hinne rûzje mei in frou fan 41 jier. Hy mishannele it slachtoffer. De plysje hat de man meinaam nei it buro en in ûndersyk ynsteld.

Yn dyselde nacht waard ek in 18-jierrige jonge oppakt yn de stêd. De plysje krige in melding dat der op de Julianalaan ferfelende jeugd omhong. Yn earste ynstânsje troffen de plysjes net ien oan. Koart dêrnei seagen se dat in jonge in fyts tsjin in auto smiet. Ek hy moast mei nei it buro.

De dei dêrnei, op sneintemoarn waard de plysje oproppen foar in potleadsutelder. De 24-jierrige man waard om kertier foar tsienen moarns oanhâlden yn de Oosterstraat. De fertochte hat net in fêst wenadres, en moast krekt lykas de oare fertochten mei nei it buro.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)