Man swierferwûne nei fal fan dak
Oan de Timorstrjitte yn Ljouwert is sneintejûn in man ferwûne rekke. Neffens omwenners soe de man fan it dak fallen wêze. Hoe't dat krekt barre koe is net bekend. Der wiene meardere helptsjinsten oproppen, wêrûnder in traumahelikopter. It is net dúdlik hoe't it mei de man is.