Kollum: "Jou dy bleat!"

24 sep 2018 - 07:20

"'Man befrediget himsels op strjitte' wie ferline wike it meast lêzen berjocht op de Omrop-webside. Yn ferskate freonegroepen waard it berjocht op de app dield mei gekjeiend derûnder de fraach wa fan de manlju him net ynhâlde koe. No is dit fansels wol in ekstreme aksje fan dizze man, mar wy binne de lêste tiid wol hiel bot preuts wurden, fyn ik.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Twa wike lyn wiene wy thús de stegerhouten túnstuollen oan it fervjen. Ik bin net sa'n handige klusser, dus ik luts alle klean út sadat ik op sokken, yn de bh en ûnderbroek op it terras stie. Koe echt net, fûnen se thús. Hoe sa net, frege ik. Ik haw dochs noch klean oan? Minsken dy't it sjen wolle, wês wolkom. It makket my neat út. Mar dêr bin ik sa stadichoan de iennige yn, neffens my.

Lêstendeis spruts ik mei in mem dy't my fertelde dat har soan net mear dûse wol nei it fuotbaltrainen. Alteast net yn de bleate kont. Alle jonges hâlde de ûnderbroek oan as se ûnder de dûs stappe, deabenaud dat in oar harren pimeltsje sjocht. Wat in oanstellerij. Se ha ommers allegearre sa'n ding. De iene wat grutter as de oare, mar boeie. Dêr giet it dochs net om?

En net allinnich jonges wurde hieltyd preutser, ek froulju hawwe muoite mei neaken. Ut ûndersyk fan EenVandaag dizze simmer joech de helte fan de Nederlânske jonge froulju oan dat se net topless op it strân lizze wolle. De wichtichste reden: se binne ûnseker oer harren eigen lichem. Wylst der genôch manlju binne mei grouwere manboobs, dy't sûnder skamte oer it strân rinne.

Dus minsken, wêrom sa skiterich as it om neaken giet? As ik fertel oer ús nudistekempingfakânsje knypt de helte fan de minsken fuortendaliks de eagen stiif ticht. In automatyske reaksje, omdat se benaud binne dat ik mei fakânsjeplaatsjes oankom fan hoe't ik yn 'e bleate kont oan it jeu de boulen bin. Echt net hear minsken. Dat byld sil ik jim besparje, mar om fuortendaliks sa preuts te dwaan fyn ik it oare uterste.

Litte wy earlik wêze: it sjocht der net út dêrûnder. Net by manlju en ek net by froulju. Juster wie ik yn de sauna en haw ik fan beide soarten wer hiel wat foarbylden sjoen. Der wiene genôch knappe keardels, mar dan sjochst dat ding dêr tusken de fuotten bongeljen. Sis sels: it is net bepaald in ferfraaiïng fan it manlik lichem. By froulju is dat trouwens net folle better. Ek dêr is net hiel goed neitocht oer it design. Mar dat jout neat, sa is it no ien kear.

Dus litte wy asjebleaft allegearre wat minder preuts wêze. It hoecht net sa mâl lykas de man dy't himsels in hantsje holp op strjitte. Mar yn de bleate kont dûse op de sportklup moat dochs gewoan kinne. En topless op it strân lizze, is wat my oanbelanget ek de gewoanste saak fan de wrâld. Leau my, it libben wurdt der in stik leuker op ast dy sa no en dan ris lekker bleat joust. It is werklik wier hiel befredigjend."

(advertinsje)
(advertinsje)