Wa is no dy stofsûgjende boer op de buorden yn Noardeast-Fryslân?

As jo de ôfrûne dagen yn Noardeast-Fryslân west hawwe, dan hawwe jo fêst wol de buorden sjoen fan in stofsûgjende boer, in boer dy't in beam wasket en in boer dy't in beam ôfstoffet. Op social media fregen minsken harren al ôf wat dit krekt wie, mar no witte we it: it giet om in nije kampanje fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden.
© Noardlike Fryske Wâlden
Harkje nei it petear mei Van der Ploeg
De leden fan de feriening dogge it ûnderhâld fan it lânskip. Mar omdat der mear jild nedich is, begjint de Noardlike Fryske Wâlden mei de wervingskampanje 'Wat Moai!". De hast 800 leden snoeie regelmjittich de beammen en strûken. Sa kinne der goeie en sûne singels ûntstean, wat wer goed is foar de biodiversiteit. "Us leden krije in behearfergoeding foar dit yntinsive hânwurk. Mar der is lykwols te min jild foar it folsleine gebiet", seit NFW-foarsitter Albert van der Ploeg. Dêrom is de organisaasje no dizze wervingsaksje begûn.
© Noardlike Fryske Wâlden
De trije boeren dy't as húshâldlike modellen op de posters steane binne Pier Jan Boersma út Eastermar, Auke van der Wal út Koatstertille en Niek van der Veel út Westergeast. Se hawwe in soad reaksjes krigen op de bysûndere posters. De plakkaten wiene ûnder oare werom te finen yn Achtkarspelen, Kollumerlân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân. Mooglik wiene de posters sa opfallend, dat ze har eigen fans opsmiten hawwe, want net alle posters binne hingjen bleaun...

Doel

Van der Ploeg hopet dat it lânskipsûnderhâld troch de boeren wurdearre wurdt, en dat de kampanje de feriening in soad freonen opsmyt. Want dat is it úteinlike doel fan de hele aksje. Minsken kinne foar in lyts bedrach op in spesjale webside lid wurde. "Mei dizze donaasjes kinne wy ús lânskip moai hâlde, en kin elk derfan genietsjen bliuwe", sa seit de NFW-foarsitter.
© Noardlike Fryske Wâlden