Auto tsjin beam by Wolvegea
Yn Wolvegea is sneintejûn in auto tsjin in beam botst. Dat barde op de Heerenveenseweg. Troch in ûnbekende oarsaak kaam de auto yn de berm telâne. Dêrtroch botste der frontaal op de beam. De auto rekke derby swier skansearre.
De bestjoerder waard troch de brânwacht út de auto befrijd en dêrnei yn in ambulânse behannele. Hoe't it ûngelok plakhawwe koe is noch net bekend.