Utslaande brân Terwispel

Yn in pleats oan de Seagerij yn Terwispel is sneintejûn brân útbrutsen. Doe't de brânwacht oankaam, die bliken dat it om in útslaande brân gie. De korpsen fan It Hearrenfean en De Gordyk koene foarkomme dat de brân him fersprate.
De pleats yn de brân © Srfotografie
De brânwacht hat de Seagerij ôfsletten yn ferbân mei de reekûntwikkeling. Foar safier bekend binne der gjin slachtoffers fallen by de brân.