Ynskriuwen fan lotterij foar hûs Harnzer binnenstêd ferlinge

Yn Harns giet de Willem Barentsz op 27 oktober it wetter yn. Mar it skip is dan noch lang net klear. Der moatte noch mêsten op en der moatte ek noch seilen makke wurde. Om dat betelje kinnen hat de Stichting Ekspedysjeskip Willem Barentsz in lotterij útskreaun mei as haadpriis in hûs oan it Noordijs yn de Harnzer binnenstêd. De lotten kostje 96 euro; in bedrach mei in symboalyske wearde, want Willem Barentsz syn ferneamde reis nei Nova Zembla begûn yn it jier 1596.
Ynskriuwtermyn lotterij foar hûs Harnzer binnenstêd ferlingd oant novimber
Omdat it noch net stoarmrint mei de ferkeap fan de lotten is de ferkeaptermyn fan de lotterij no ferlinge oant 15 novimber. De stichting hopet dat troch de grutte belangstelling by it te wetter litten fan it skip de ferkeap fan de lotten oanlûke sil. Oant no ta binne der in pear tûzen lotten ferkocht en dat is te min om de lotterij trochgean te litten.
It doel is om mei-inoar sa'n 7.000 oant 8.000 lotten te ferkeapjen. De suksesfolle lotterij fan in hûs troch de fuotbalklup fan Ouwesyl hat de Harnzers op it idee brocht fan de lotterij. "Bij die loterij werden de meeste loten ook pas in de laatste weken verkocht", fertelt wurdfierder Tiedo de Boer fan Stichting Expeditieschip Willem Barentsz.
It linker hûs oan it Noordijs is de haadpriis fan de lotterij © Omrop Fryslân
De stichting hat de begrutte opbringst fan de lotterij - in pear ton - hurd nedich. As it skip ien kear yn it dok leit, is der noch wol in jier nedich om it skip farklear te meitsjen. Foar in earste ekspedysje rjochting Barentszsee moat der noch foars ynvestearre wurde. "Er moeten nog zeilen op en alle tuigage. En er moet ook nog een motor in en navigatie. Een schip bouwen om er niet mee te varen kan natuurlijk niet."
As der net foldwaande lotten ferkocht wurde, krije de keapers har 96 euro wer werom. Net elkenien, want guon keapers hawwe al oanjûn dat de Stichting Willem Barentsz it jild wol hâlde mei, ek as de lotterij net trochgiet. "Dit levert ons sowieso geld op, maar wij zien natuurlijk het liefst dat de loterij gewoon doorgaat", seit wurdfierder De Boer.
De Willem Barentsz soe ôfrûne sneon iepen hûs hâlde. Fanwegen it ûnlijige waar waard dat ôfsein. Likegoed luts it skip tsientallen belangstellenden. "Met 10.000 bezoekers per jaar zijn wij één van de grootste attracties van Harlingen", fertelt De Boer grutsk. "Open dag of niet, de mensen komen gewoon. Met de Tall Ships Races hebben wij een mooie zomer gehad. Nu nog meer loten verkopen, dan komt het helemaal goed." Mear ynformaasje oer de lotterij is te finen op: loterij-harlingen.nl
Tiedo de Boer fan Stichting Expeditieschip Willem Barentsz