Opskuor by VV Zwaagwesteinde nei ophâlden sneinsfuotbal

By VV Zwaagwesteinde is opskuor ûntstien no't de klup fuortendaliks ophâlden is mei it sneinsfuotbal. Op sosjale media wurdt mei denigrearjende en diskriminearjende teksten reagearre op it beslút fan it bestjoer fan de fuotbalklup.
© Omrop Fryslan
Op Facebook skriuwt it bestjoer fan de klup dat "sommige leden het kennelijk nodig vinden om denigrerende en discriminerende opmerkingen in posts op social media e.d. te maken over het opheffen van de zondagsafdeling." It bestjoer fynt dat dit net langer trochgean kin. Dêrom binne der maatregels naam. Sa skriuwt it bestjoer dat "het bestuur geeft de initiatiefnemers van de posts tot maandagochtend 24 september a.s. 09.00 de tijd om zichzelf te melden."
As de minsken dy't de posts skreaun ha harsels net melde by it bestjoer "dan zal het bestuur de desbetreffende leden - na opsporing - royeren, en zal aangifte gedaan worden bij de politie wegens laster en smaad."
It Facebookberjocht fan it bestjoer © Facebook
VV Zwaagwesteinde hâldt dit jier op mei it sneinsfuotbal. Dy beslissing is makke nei oanlieding fan in pear spilers dy't har weromlutsen hienen. Sy hienen tasein foar de sneinsôfdieling út te kommen, mar dienen dat dochs net. Yn juny dit jier wienen der noch 36 spilers dy't taseinen yn de sneinskompetysje te bliuwen en dat rûn werom nei 25 spilers.
"Wij betreuren dit ten zeerste ten overstaan van de KNVB en onze tegenstanders, maar wij zien als bestuurders van onze vereniging geen andere mogelijkheid om het tij nog te doen keren'', liet it bestjoer fan VV Zwaagwesteinde doe yn in brief witte.