Wjerstân tsjin grutskalich sinnepark op Lippe Gabriëlsplasse by Oerterp net fuortnommen

De gemeentepolityk fan Opsterlân moat moandeitejûn in beslút nimme oer de oanfraach fan it Spaanske bedriuw Univergy Solar om 38.500 driuwende sinnepanielen te pleatsen op de Lippe Gabriëlsplasse oan de noardkant fan it doarp. Yn it doarp Oerterp is in soad wjerstân tsjin de plannen. Ek de wize wêrop it Spaanske bedriuw kommunisearret soarget foar argewaasje yn it doarp.
Ek jongfee makket it gebrûk fan it natuerpaad om de mar © Omrop Fryslân
In ekstra oerlis yn Oerterp achter sletten doarren mei trije wethâlders, direkteur Yago Acón fan Univergy Solar en Oerterper beswiermakkers koe de wjerstân tongersdei net fuortnimme. Op dat oerlis die Univergy Solar it doarp wol in pear tasizzingen, mar omdat it bedriuw eardere tasizzingen net neikaam, hat dat de wjerstân net fuortnimme kinnen, seit foarsitter Jolanda Brouwer fan Pleatslik Belang Oerterp.
Univergy Solar hat it doarp oanbean om it natoerpaad by de plasse te ferhurdzjen, sadat bewenners dêr it hiele jier troch gebrûk fan meitsje kinne. Ek hat it bedriuw it doarp oanbean om 200 sinnepanielen te pleatsen op it dak fan multyfunksjoneel sintrum De Wier. "Dat is moai, dêr hat it hiele doarp wat oan", seit Brouwer.
Dochs wol se de gemeenteried advisearje om net oer ien nacht iis te gean. "Je krije it gefoel dat it plan trochdrukt wurdt en dat is net ferstannich. It is faaks better om de plannen in heal jier te parkearjen, goeie ôfspraken te meitsjen mei doarp en omwenners en oan draachflak te wurkjen", seit Brouwer.
It bedriuw Univergy Solar is lykwols tige hastich, omdat op 1 oktober in wichtige deadline foar subsydzje foar sinneparken ôfrint.
Jolanda Brouwer fan Pleatslik Belang oerterp oer de krityk op it sinnepark
Pleatslik Belang Oerterp is perfoarst net op sinne-enerzjy tsjin, heakket Brouwer der oan ta. Brouwer is tige posityf oer it plan fan it bedriuw Groen Leven foar in lytsskaliger sinnepark mei 13.000 panielen oan de Skieppeleane yn Oerterp. By dit plan binne ynspraak, ynklaaiïng en kompensaasje foar it doarp yn oerlis goed regele. Groen Leven sil in griene sône om it park hinne lizze, sil laadpeallen bouwe foar elektryske fytsen en auto's en boppedat de sportferieningen yn it doarp fan sinne-enerzjy foarsjen. "Wy leverje graach in bydrage oan in duorsume takomst foar ús bern en bernsbern, mar dan wol graach op basis fan goeie ôfspraken."
De Lippe Gabriëlsplasse by Oerterp © Omrop Fryslân
De Lippe Gabriëlsplasse is in eardere sânwinput tusken Oerterp De Feart en de A7. Gemeente en doarp hawwe hjir earder tegearre in natuerpaad fan makke mei in spesjaal plak foar fiskers. De sinnepark-plannen sille de natuerwearden oantaaste, tinke fiskers en oare natuerleafhawwers en ek omwenners binne tige kritysk. Flaters yn eardere oanfragen, it net útwurkjen en neikommen fan tasizzingen en de tige muoisume kommunikaasje mei it bedriuw makken de wjerstân noch wer grutter. Jolanda Brouwer: "Ik hâld myn hert fêst hoe't it komt, as de plannen trochgean mei dit bedriuw."