Otters flak foar útsetten dea

07 nov 2011 - 08:06

Twa fan de trije otters dy't loslitten wurde soenen yn de Alde Feanen, binne koart foar it útsetten ynienen ferstoarn. Dat barde twa wike lyn. Der wurdt tocht dat de bisten fergiftige binne.

Meiïnoar soene der trije otters loslitten wurde, doe't twa fan harren slim siik waarden. Se begûnen te triljen en krigen in stûp. Der is besocht de bistjes te behanneljen mei antibiotika, mar dat hat net holpen.

Yn de saneamde útwenkoai binne stikken fiskfûn dy't dêr net troch de fersoargers ynlein wiene. De deade otters binne fuortendaliks oerbrocht nei de Ryksuniversiteit fan Utrecht foar ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)