Goed wykein foar Fryske kuorballers

23 sep 2018 - 16:17

Yn de eareklasse A ha de kuorballers fan LDODK sneintemiddei mei 20-14 wûn fan Blau-Wyt út Amsterdam. By it skoft wie it 9-4 foar de Gordyksters. Dat betsjut dat LDODK no boppe-oan stiet yn de eareklasse A, tegearre mei DOS'46. Dat is takom wike de tsjinstanner fan LDODK.

Beide teams meitsje dan út wa't der as koprinner oan de winterstop fan it fjildkuorbal mei begjinne.

André Zwart nei de wedstriid

Haadklasse A

Yn de haadklasse A wûn Mid-Fryslân fan Wageningen mei 12-10. Yn de rein wiene beide ploegen hast lykweardich. By it skoft wie it ferskil dan ek minimaal, 6-5 foar Mid-Fryslân. Ek yn de twadde helte makke Mid-Fryslân ien punt mear as Wageningen.

Sneontejûn wûn SCO al fan De Meeuwen út Putten. It waard 18-15 foar de thúsploech, nei in 10-8 stân by it skoft.

SCO yn aksje tsjin De Meeuwen - Foto: Gerrit Jan Prakken
Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO Mid-Fryslân
(advertinsje)