FNP Ljouwert myld oer ekstra Reuzekosten: ekstra kosten hast ien miljoen euro

23 sep 2018 - 14:41

De gemeenteried fan Ljouwert hie sels miskien ek wol wat alerter wêze moatten op de sinteraasje. Dat seit riedslid Lyda Veldstra fan de FNP oer de opskuor dy't ûntstie neidat dúdlik waard dat de komst fan de Reuzen fan Royal de Luxe de gemeente Ljouwert hast ien miljoen euro mear kostje sil.

Foar de feilichheidsmaatregels en oanpassings oan diken yn de stêd wie ekstra jild nedich: in lytse 5 ton. Dêrnjonken binne der ek tsjinfallende sponsorynkomsten.

Lyda Veldstra, Houkje Rijpstra en Tjalling van der Goot (flnr) - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn it Nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân spruts Velstra mylde wurden oer it ekstra jild dat de gemeente kwyt is oan de besite fan de reuzen oan Ljouwert, en oer hoe't dêroer mei de rie kommunisearre is.

Nijsfoarum oer djoere reuzen

Dat wethâlder Sjoerd Feitsma al folle earder fan de hegere kosten wist, fernaam it riedslid út de media. "Dêr moatte we yn de rie goed mei inoar oer prate." Op de fraach oft it hjir om it efterhâlden fan ynformaasje giet en oft soks ek konsekwinsjes ha moat, gie se net yn. "Sjoch ek nei wat it de stêd allegear opsmyt. Oeral, ek yn de doarpen, brûst it!"

Trefwurden: 
LF2018 FNP reuzen Lyda Veldstra
(advertinsje)