Judoka Sanne Vermeer útskeakele op wrâldkampioenskip yn Bakû

23 sep 2018 - 12:07

Sanne Vermeer fan Stiens is op it WK judo yn Azerbeidzjan net fierder kaam as de twadde ronde. Har Australyske tsjinstanner Katharina Haecker skeakele har út mei in waza-ari. Dat de ien-nei heechste skoare dy't de skiedsrjochter takenne kin.

"Dit is heel jammer", sei Vermeer (20 jier âld) nei ôfrin. "Ik was in het begin niet genoeg gefocust en toen liet ik me verleiden. Dat gebeurt altijd weer, zeker tegen deze judoka. Het was lastig om me aan de opdracht te houden." Vermeer komt út yn de klasse oant 63 kilogram.

Earder waard Margriet Bergstra (25 jier âld) fan De Lemmer ek al útskeakele. Yn de earste ronde fan it wrâldkampioenskip yn Bakû ferlear se yn de klasse oant 57 kilo fan de Sineeske Zhang Wen.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(advertinsje)