FIDEO: Sa wint Hearrenfean 'de supercup fan it iishockey' fan angstgegner Den Haach

23 sep 2018 - 11:04

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe 'de supercup fan it iishockey' wûn. Yn iisstadion Thialf waard HIJS Hokij út Den Haach mei 3-1 ferslein yn de striid om de Ron Bertelingskaal. Dat is de iennige priis dy't Hearrenfean noch nea wûn.

Normaalwei stride de lânskampioen en de bekerwinner om de Ron Bertelingskaal. Omdat Den Haach foarich jier beide titels pakte, wie Hearrenfean de tsjinstanner. Dy ploech wie ferliezend bekerfinalist.

Man fan de wedstriid waard Kevin Nijland. De oanfaller wie al binnen 3 minuten trefseker by de powerplay fan de Flyers, en gie foarop yn 'e striid. Letter yn de earste perioade ferraste hy syn tsjinstander Joey Oosterveld mei in flugge "rechtse direkte" neidat dy him de earmtakke tsjin de holle plante hie. Nijland en Oosterveld moasten respektyflik 14 en 16 minuten op 'e strafbank plaknimme, mar Nijland kaam úteinlik as winner fan it iis.

De UNIS Flyers spilen it ôfrûne seizoen fjouwer finales, en fjouwer kear waard ferlern. De iishockeyers fan HIJS Hokij Den Haach pakten de beker, de lânstitel en it kampioenskip fan de BeNe League. De Ron Bertelingskaal is de earste priis fan it nije seizoen.

Bitterballeskaal

Fiif kear op rige hat Hearrenfean besocht de skaal te winnen, en fiif kear slagge it net, sei oanfaller Tony Demelinne nei ôfrin fan de wedstriid. "We noemden het de bitterballenschaal, omdat we hem nooit konden winnen. Maar we hebben hem nu. Een mooi begin van het seizoen."

De earste perioade wie de UNIS Flyers oppermachtich. "Daar hebben we hard voor gewerkt, de afgelopen drie weken. We scoorden meteen. En dan komt er direct één achteraan. Dan weet je dat het een mooie pot kan worden."

Yn de earste sân minuten skoarden de Flyers al twa doelpunten. Dy kamen op namme fan Kevin Nijland en Tobie Collard. Marco Postma makke al gau yn de twadde perioade de 3-0, mar Reinier Staats koe wat werom dwaan foar de besikers út Den Haach. Yn it lêste part fan de wedstriid waard net mear skoard. It bleaun 3-1 yn it foardiel fan de Flyers.

De striid om de Ron Bertelingskaal wie de 'wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online ien sportwedstriid sintraal.

(advertinsje)