Waadseeorka Morgan befalt op Teneryf fan earste kealtsje

23 sep 2018 - 08:37

De orka Morgan is yn in bistepark op it Spaanske Teneryf befallen fan har earste kealtsje. Morgan en har jong meitsje it goed. Dat meldt it bistepark. Se swimme tegearre troch it bassin.

Orka Morgan yn it Dolfinarium - Foto: ANP

Yn 2010 waard de orka fûn yn de Waadsee, tusken Lauwerseach en It Amelân. Se wie der min oan ta. Yn it Dolfinarium knapte se op. Dêrnei baarnde in fûle diskusje los oer de fraach oft se har wer rêde kinne soe yn de frije natuer. Aksjefierders easken dat se frijlitten wurde soe, mar neffens wittenskippers koe dat net.

Orka Morgan ferhûze yn 2011, nei tuskenkomst fan de rjochter, en mei ynstimming fan it kabinet, nei it bistepark Loro Parque op Teneryf. Dêr waard se opnaam yn in groep fan seis soartgenoaten.

Orka Morgan yn de Waadsee - Foto: Omrop Fryslân

It bistepark meldt dat de orka no slimme problemen hat mei it gehoar. It wie net dúdlik oft dat ek konsekwinsjes ha soe foar de befalling. Dy ferrûn 'hielendal normaal' neffens it bistepark.

"Fan it earste momint ôf lit Morgan sjen dat se in goeie mem is", skriuwt it park. "Se soarget goed foar har jong." It geslacht fan it kealtsje is noch net bekend.

Orka Morgan yn it Spaanske bistepark - Foto: Loro Parque
Trefwurden: 
Waadsee orka Morgan
(advertinsje)
(advertinsje)