Trije kear goud foar Rixt van der Horst op wrâldkampioenskip

23 sep 2018 - 07:53

Rixt van der Horst fan Grou hat op de wrâldruterspelen yn Amearika trije gouden medaljes helle. Behalve de yndividuele en de teamproef sette se ek de kuer op muzyk op har namme. Mei har hynder Findsley skoarde se 77,347 persint.

"Ik woe graach mei in medalje thúskomme. Mei trije gouden is dat hielendal slagge", seit Van der Horst tsjin de hynstesportfederaasje KNHS. Fjouwer jier lyn, yn Caen, yn Frankryk, wûn se twa yndividuele gouden medaljes, en in sulveren teammedalje, mei har hynder Uniek N.O.P..

Ik ride mei de kuer fan Uniek, omdat Findsley noch gjin eigen kuer hat.

Rixt van der Horst

Dat se dit jier noch mear winne soe as fjouwer jier lyn, dat hie se net ferwachte. It nije hynder hat noch net safolle ûnderfining. "Ik doarde dit net te dreamen. Hielendal net mei dit hynder, en safolle konkurrinsje." Van der Horst rydt noch mar sûnt jannewaris wedstriden op Findsley. "Ik ride ek noch mei de kuer fan Uniek, omdat Findsley noch gjin eigen kuer hat. As dy der komt, kinne we noch in hegere skoare helje."

Rixt van der Horst - Foto: Anne van der Horst

Van der Horst hat hurd wurkje moatten foar de medalje, seit se. "Findsley wie wat wurch, en ik moast hiel lang wachtsje foardat ik oan de kuer begjinne koe. De dielnimmer dy't foar my wie, hie in flater makke, en de sjuery moast hiel lang oerlizze. Dat duorre mar en dat duorre mar. Ik ha wol fiif rûntsjes om de ring riden, en dêrtroch ferlear Findsley de aktiviteit, en de skerpte. Dus ik moast har echt troch de proef hinne loadse. Dat pakte goed út."

"Ik kon het niet bevatten"

Oare Nederlânske ruters ha it ek goed dien. Sanne Voets helle ek in gouden medalje. Frank Hosmar wûn sulver, en Nicole van den Dulk pakte brûns. Bûnscoach Joyce Heutink is der wiis mei, seit se tsjin de KNHS. "Ik weet nog na de wereldruiterspelen in Caen, tien uit elf medailles en een vierde plek, dat resultaat kan nooit meer beter. En nu hebben we negen uit negen. Dus het kan toch"

"Ik kon het toen niet bevatten, ik kon het nu na de landenwedstrijd niet bevatten en nu gaan ze ook nog alle vier met een kür-medaille naar huis. Het was tot het eind toe spannend. Ik heb naar de kuren zitten kijken en dan houd ik het gewoon niet droog. Dan hebben ze zulke mooie muziek en dat raakt me gewoon. Dat is zo bijzonder."

Rixt van der Horst (26 jier âld) is paralympysk amazône. Se hat meardere handicaps trochdat se te betiid berne is. Op de Olympyske Spelen yn Rio (2016) helle Van der Horst twa brûnzen en in sulveren medalje. En op de wrâldruterspelen yn Caen (2014) pakte se twa kear goud, en ien kear sulver.

(advertinsje)