UNIS Flyers wint yn Thialf fan HIJS Hokij

22 sep 2018 - 22:17

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn in oerwinning behelle yn de thúswedstriid tsjin HIJS Hokij út Den Haag. Yn iisstadion Thialf waard it úteinlik 3-1 yn it foardiel fan de Feansters. Dêrmei wûn de klup foar de earste kear de Ron Berteling skaal, de supercup fan it iishockey.

Nei ôfrin fan de earste perioade stie UNIS Flyers al mei 2-0 foar. Doelpuntemakkers wiene Kevin Nijland en Tobie Collard. Postma makke al gau yn de twadde perioade de 3-0, mar Staats koe wat werom dwaan foar de besikers út Den Haag. Yn it lêste part fan de wedstriid koene beide ploegen gjin doelpunten mear notearje en bleau it 3-1 yn it foardiel fan de Flyers.

It iishockeyduel tusken de UNIS Flyers en HIJS Hokij út Den Haag sneontejûn wie de twadde 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

De Unis Flyers mei de supercup - Foto: Martin de Jong
(advertinsje)