Sportklup Hearrenfean pakt yn slotfaze punt tsjin Excelsior
Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Rotterdam op it nipperke in punt pakt. De ploech fan trainer Jan Olde Riekerink spile mei 3-3 lyk tsjin Excelsior.
Al yn de tolfde minút moasten de Feansters in tsjingoal ynkassearje. In foarset fan Fortes waard troch Ali Messaoud yn it doel wurke: 1-0. Ek yn it restant fan de earste helte bleau Excelsior driigjend. Krekt foar it skoft ferdûbele Luigi Bruins de foarsprong fan de Rotterdammers.
Oanslúting
Yn de twadde helte makke Hearrenfean de oanslutingstreffer. In frije traap fan Mihajlovic waard binnen kopt troch Dave Bulthuis. Twa minuten letter makke Excelsior it ferskil alwer grutter. Wer wie it Messaoud dy't skoarde: 3-1.
Sportklup Hearrenfean kaam yn de 59ste minut op 3-2. In corner fan Mihajlovic waard troch Morten Thorsby binnen kopt. Nei it doelpunt fan Thorsby waard Excelsior in pear kear gefaarlik. Yn de 70ste minút koe doelman Hahn noch mar krekt rêding bringe op in skot fan Fortes. Hearrenfean like tsjin in nederlaach oan te rinnen, mar Jizz Hornkamp knalde yn blessueretiid de 3-3 binnen.
Bekerwedstriid
Woansdeitejûn komt Sportklup Hearrenfean wer yn aksje. De Feansters moatte dan ôfreizgje nei Katwijk foar de earste ronde fan de KNVB beker.
Excelsior - SC Hearrenfean 3-3 (2-0) 12. Messaoud 1-0, 42. Bruins 2-0, 49. Bulthuis 2-1, 51. Messaoud 3-1, 59. Thorsby 3-2, 92. Hornkamp 3-3.
Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie, Thorsby, Kobayashi (46. Vlap), Rienstra, Van Bergen (66. Hornkamp), Lammers, Zeneli (46. Mihajlovic).