Syktocht yn Alddjip by Beetstersweach smyt neat op
De syktocht nei in mooglik fermist persoan by it Alddjip yn Beetstersweach is sneontejûn op neat útrûn. Helptsjinsten wiene nei in earste melding oan de ein fan de middei manmachtich útriden nei Beetstersweach. Op de Zandlaan yn it doarp waarden in fyts en oar guod oantroffen.
Dûkers en brânwachtminsken hawwe dêrnei socht yn it wetter fan it Alddjip. Krekt nei sânen waard de sykaksje stopset.