Basketballers Aris winne oefenduel fan Amsterdam

22 sep 2018 - 17:51

De basketballers fan Aris hawwe sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin en yn Amsterdam wûn. De Ljouwerters namen de oerwinning mei minym ferskil mei nei Fryslân: it waard 70-71.

Foto: Aris Ljouwert

Nei it earste kwart stie Aris al op 11-16, mar by rêst hie Amsterdam in foarsprong pakt. Nei in goed tredde kwart koe Aris úteinlik de winst binnen helje.

Nije wike snein spilet Aris de lêste wedstriid yn 'e tarieding út by Feyenoord Rotterdam. De kompetysje begjint in wike letter.

Trefwurden: 
Aris basketbal Amsterdam
(advertinsje)