Harkemase Boys en ONS spylje lyk

22 sep 2018 - 16:24

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei in punt pakt yn de kompetysjewedstriid tsjin Eemdijk. Op it fjild op De Harkema waard it 1-1.

Foto: Orange Pictures

De besikers kamen yn de santjinde minút op foarsprong troch in doelpunt fan Zakaria el Bennay. Krekt foar it skoft notearre Dennis van Duinen fan Harkemase Boys de lykmakker. Yn de twadde helte waard der troch beide ploegen net mear skoard. Robert Stelpstra hie noch wol in grutte kâns nei in bal fan Slort, mar dat einige net yn in treffer.

Punt foar ONS; Bûtenpost ferliest

De Snitser fuotballers fan ONS kamen yn Ermelo ek net fierder as in punt. Tsjin DVS '33 waard it 0-0 yn de wedstriid yn de tredde difyzje. Yn de haadklasse ferlear VV Bûtenpost op Urk mei 1-0.

(advertinsje)