Skûtsje slacht om mei Omrop Fryslân-ploech oan board: "Blikstiender, dit komt net goed!"

22 sep 2018 - 15:53

It IFKS-skûtsje Doeke van Martena út Drachten is omslein by it jeugdsilen op de Pikmar. Op dat stuit wie der in kameraploech fan it Omrop Fryslân telefyzjeprogramma Hea! oan board. Utsein de ploech fan Hea! wie der ek in groep bern oan board, foaral famkes.

"Ik fiel my wol in bytsje skuldich", seit ferslachjouwer Gerlof Kolk, "want wy wienen op it achterdek dwaande mei in ynterview. Miskien dat we de bemanning wat ôflaat ha. Al sei de skipper nei ôfrin dat se oars miskien ek wol omgien wienen."

Ferslachjouwer Gerlof Kolk en kameraman Dirk Hofstede

"Yn earste ynstansje wienen wy foaral dwaande mei it meitsjen fan spannende bylden", seit Kolk. "Der stie in goeie wyn om te silen. We makken earst wat bylden fan in motorboatsje ôf, oan de sydkant. De jongerein yn aksje, oan it helmhout, en yn de touwen."

"Doe stapten we oan board. It famke by it helmhout fûn it wol spannend, fertelde se. Se die it foar it earst. We gongen hieltyd skever en skever. Ik hie my al beet oan de reling. En doe tocht ik ynienen: 'blikstiender, dit komt net goed!' Doe gongen we om."

Beethâlde

"Ik koe my noch beethâlde, mar de kameraman hie de kamera beet. Dy seach ik nei ûnderen fallen, mei kamera en al it wetter yn. En dat famke dat oan it helmhout siet, fleach der sa achteroan."

Kamera

De kameraman wie Dirk Hofstede. "Ik waard lansearre", seit er. "Ik bin oer de roef hinne flein. It wie ek wol fleagerich waar. En ik siet ferstrikt yn de grutskoat, dus ik wie bliid dat ik wer boppe wetter wie. Mar de kamera hie ûnder wetter west."

"De bern dy't oan board wienen, bleaunen hiel rêstich. En de skipper ek. Ik seach omheech, en doe seach ik Gerlof oan de reling hingjen. Dy wie noch drûch bleaun. En ien fan de famkes ek, dy siet yn de roef."

Lûk tsjin de holle

De measten binne der mei in wiet pak fanôf kaam. Ien frou wie der wat minder oan ta. Dy hie it lûk tsjin de holle krigen, seit Hofstede. "Dêr hie se wol lêst fan. Mar it hie folle slimmer kind. We binne goed yn de watten lein. De minsken fan it folchskip fan Ljouwert stienen allegearre klear mei drûge shirts en truien. Sop, kofje, tee, broadsjes.''

Kolk hopet dat de bylden fan it omslaan noch brûkber binne, mar oant no ta is it noch net slagge om se te besjen. "Alles hat ûnder wetter west. It is no oan it drûgjen. De bylden steane op in kaartsje dat yn de kamera sit. Dêr kinne we se noch net ôf krije. Ik hoopje net dat alles foar neat west hat."

In sleepboat hat it skûtsje wer oerein lutsen. It wimpeltsje is kwyt, en ek in laadsje. Fierder falt de skea ta. De ploech fan Hea soe nei it silen eins noch nei in oare put, mar dy ha se ôfsein.

It jeugdsilen wurdt organisearre om bern fan acht oant achttjin jier âld te ynteressearjen foar it skûtsjesilen. Freed wie der in speurtocht troch it skûtsjemuseum yn Earnewâld, en sneon waard der syld op de Pikmar by Grou.

(advertinsje)