Autocross yn Hallum giet dochs net troch

De autocross fan Hallum giet fanwegen de waarsomstannichheden dochs net troch. Dat hat de organisaasje niiskrekt bekend makke.
Freed hie de organisaasje fan de autocross noch hoop dat it drûch bliuwe soe, mar sneontemiddei die bliken dat it waar dochs te min wie om troch te gean. Besikers dy't harren yntree al betelle hawwe, wurdt frege harren bandsje te bewarjen foar takom jier.
De autocross fan Hallum stie yn earste ynstânsje al ein augustus op it programma, mar doe waard it evenemint ek al útsteld fanwegen it minne waar.
Foarsitter Wieger Hellema fan de autocross yn Hallum