Hûnderten belangstellenden betinke geweldsslachtoffers yn Wolvegea

22 sep 2018 - 14:04

Sa'n 350 minsken binne ôfkommen op de nasjonale betinking foar slachtoffers fan geweld yn Wolvegea. De betinking is jierliks en rûlearret troch Nederlân hinne. Dit jier is Fryslân oan bar.

Minister Sander Dekker en de boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf wiene by de betinking oanwêzich. Neibesteanden binne mei de polityk yn petear oer de ferbettering fan de posysje fan neibesteanden yn it strafrjocht. Der is tsjintwurdich sprekrjocht by moardsaken. Mooglik komt der ek sprekrjocht by TBS-saken.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by de betinking yn Wolvegea

Trefwurden: 
Wolvegea betinking
(advertinsje)