Judoka Margriet Bergstra útskeakele op wrâldkampioenskip

Margriet Bergstra is yn de earste ronde útskeakele by it wrâldkampioenskip Judo yn Azerbeidzjan. De Lemster judoka ferlear yn de klasse oant 57 kilo fan de Sineeske Zhang Wen. De 25-jierrige judoka ferlear troch in waza-ari. Nei ôfrin fan de wedstriid wie se lilk.
Margriet Bergstra útskeakele op WK Judo.
"It wie beslist net nedich, ik kin folle better as dit", sei se nei ôfrin fan de wedstriid tsjin de NOS. Oer it begjin fan de partij wie se net ûntefreden. "Op in bepaald momint sjoch ik nei de klok, en dan stiet der noch 1 minút 12 op. Dan reitsje ik yn panyk. Der giet my fanalles troch de holle. Dan sjogge je hoe't it útpakt."