Atletykklup Lionitas kin wer foarút mei nije baan fan heal miljoen

22 sep 2018 - 12:29

Yn Ljouwert is sneontemoarn de baan fan atletykferiening Lionitas feestlik weriepene. Dat barde troch in optreden fan it Pasveerkorps, folge troch de saneamde Goldberg-estafette; dat is in demonstraasje fan alle atletyk-dissiplines achter inoar.

It Pasveerkorps gie as earste oer de nije atletykbaan - Foto: Omrop Fryslân

Der wie ek in demonstraasje fan it racerunnen. Dat is in jonge sport, wêrby't handicapte bern mei help fan in racerun-apparaat mei grutte tsjillen hurddrave kinne. De seremoanje waard ôfsletten troch it hysjen fan de klupflagge troch it âldste (88) en it jongste (6) lid fan de Lionitas.

De iepening fan de atletykbaan wie tige sfearfol

De klup wie wol oan in nije baan ta, want de âlde baan wie fertutearze en ôfkard troch de atletykuny. Lionitas koe dêrom ek gjin offisjele wedstriden mear organisearje. Mei de nije baan kinne de Ljouwerters wer foarút. Foarsitter Kees van Anken hopet yn it foarste plak it ledetal wer op nivo te bringen, want fanwege de minne baan hat de klup de ôfrûne jierren tsientallen leden ferlern.

Lionitas is grutsk op de fernijde atletykbaan - Foto: Lionitas

Sadree't de baan goedkard is troch de KNAU wol Lionitas ek wer wedstriden organisearje. Dat is no in stik makliker as foarhinne, want it tal sprintbanen is mei twa útwreide fan seis oant acht.

De nije atletykbaan hat mei-inoar 525.000 euro koste. De klup hat sels 35.000 euro bydroegen, en ek sels it klupgebou ûnder hannen naam.

Trefwurden: 
atletyk Lionitas racerunne
(advertinsje)