Brân yn ôffaloven Harns

22 sep 2018 - 11:35

In brân yn de ôffaloven fan Harns hat de brânwacht oerenlang dwaande holden. Om 00:20 oere kaam de earste melding by de brânwacht binnen. It duorre oardel oere foardat de brân ûnder kontrôle wie. Dêrnei moast der noch neiblust wurde.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It gong om in lytse brân, yn de ôffalferbrâner, op in plak dêr't normaalwei gjin fjoer is. Foardat de brânwacht it fjoer blusse koe, moast earst it ferbrâningsproses stillein wurde, en dat hat wol even duorre. Dat meldt de brânwacht. It fjoer hat him yn dy tiid net fierder útwreide.

Neffens in brânwachtwurdfierder soe it net de earste kear west ha dat der brân wie by de REC. De brânwacht wie mei meardere auto's útriden. Ploegen fan Harns en Frjentsjer wienen oproppen, en der wie ek in heechwurker. De earste auto koe gau werom nei de kazerne, omdat it mei it fjoer wol tafoel.

Trefwurden: 
Harns brân REC
(advertinsje)