Swiere reinbui soarget foar ûngelok op sneldyk by Wolvegea

Op de A32 by Pepergea hat in ûngelok west dêr't twa auto's by belutsen wienen. De bestjoerder fan ien fan de beide auto's soe oerfallen wêze troch in swiere reinbui. Dêrtroch kaam de auto yn in slip. Neidat de auto tsjin de fangrail botst wie, soe er wer op de rynbaan telâne kaam wêze, wêrnei't de oare auto der tsjinoan botste.
© De Vries Media
De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt gebeure koe. De ynsitters soene mei de skrik frijkaam wêze. De dyk lei besiedde mei ûnderdielen dy't fan de auto ôffallen wienen. Ien rydstrook wie ôfsletten.