Lilke kafeeklant 'net foar rede fetber' en mislediget plysjes yn Ljouwert

22 sep 2018 - 10:18

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon in man oanholden dy't in kafee útsetten wie. De man, fan 43 jier âld, wie neffens de plysje net foar rede fetber.

De man misledige de plysjes, en fersette him by syn oanhâlding. De plysje hie fia kameratafersjoch sjoen dat de man it kafee útsetten waard, oan it Grut Skavernek.

De plysje hat ek in oare 43-jierrige Ljouwerter oanholden. Dy man hie in gebietsferbod oertrêden, dat er earder al krigen hie, omdat er hieltyd hinderlik oanwêzich wie yn de binnenstêd. Dat meldt de plysje.

De man sit noch fêst. Hy krige in proses ferbaal foar iepenbiere dronkenskip, en sil sneon heard wurde.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)