Kollum: "Fox Sport"

22 sep 2018 - 08:21

Yn it jier 1978 ferlear Nederlân de WK-finale fan Argentinië. It wie de earste fuotbalwedstriid dy't ik live op de tv seach. Ik wie njoggen en moast de oare deis gewoan wer nei skoalle, dus heit en mem seagen al ris op de klok doe't it ferlinging waard, mar ik mocht it allegearre sjen. Myn belangstelling foar sport wie doe al aardich grut.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Op sneontejûn kleure de himel boppe sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean ien kear yn de twa wiken oranje. It wienen de stadionlampen fan Het Gemeentelijk Sportpark oan de J. H. Kruisstraat op It Fean, sa as it Abe Lenstra Stadion doe noch hjitte. Ik koe dat skynsel sjen as ik op myn keammerke ta it rút útseach.

Ik seurde heit krekt sa lang oan de kop dat er my in kear meinaam nei in wedstriid. It wie yn de neikompetysje, ik wit net mear tsjin hokker ploech. Wol wit ik dat ik dêrnei nea wer de sfear misse woe fan fuotbaljen ûnder dy machtige ljochtmêsten. Fansels woe ik ek fuotballer wurde, mar dat is net slagge. Yn de jierren dêrnei kocht ik myn earste seizoenkaart. It wie sa'n plestik ding dêr't se mei in tange in gatsje yn knipten. Krekt in knipkaart by it swimbad. It waard hast in relikwy.

It makket net folle út oft je no foar Ajax, Roda, Telstar of NAC binne, in soad minsken sille op hast deselde wize as jonge of famke ergens yn in stadion bedarre wêze. Ien kear yn de twa wiken op de fêste spyljûn of spylmiddei nei it favorite team om se oan te fiterjen. Ik sit sûnt 1994 op itselde stuoltsje neist deselde fuotbalmaat. Heit syn stoel is no foar myn dochter of myn sus. It alle jierren ferlingjen fan dy kaarten hat nea in fraach west. Mar dat byld is oan it kanteljen.

Fuotbal is der foar de taskôgers. De fans, dy't alle kearen de muoite nimme om nei it stadion te kommen. Minsken binne 'gewoantedieren', se hechtsje oan saken dêr't se harren yn herkenne. Bygelyks dat de wedstriden op sneon om healwei achten begjinne. Sa no en dan in eksoatysk tiidstip is net sa slim, ik heuch my in Europeeske wedstriid om 22.00 tsjin Stuttgart, mar dat wie in útsûndering.

Fuotbal is feroare. Fox Sport makket de tsjinst út. De fans lykje al mar mear te ferwurdzjen ta dom klapfee, dat mar opdrave moat as it machtige Fox harren ploech ynplent. Dat kin op snein om healwei ienen wêze, mar ek op kertier foar fiven. Of sneons om kertier foar njoggenen, of op freed, as ynsetter fan it wykein. De fans ha dat mar te pikken, want it jild is de baas. Sy meie inkel komme en hup hup roppe.

As it fuotbal dan ek noch in kear net al te goed is, en dan besykje ik it hiel sêft út te drukken, binne de siedsjes siedde foar in nij byld. Nammentlik dat in soad minsken dy seizoenkaart net mear ferlingje. Omdat se foar in pear sinten thús ek nei Fox sjen kinne, mei in gleske bier op de bank. En no hear ik de jittikmigers al wer sizzen, dat binne gjin echte fans. Oars soenen se wol komme, al wie it midden yn de nacht.

De wierheid is krekt even oars. In hiel soad echte fuotbalfans sitte mei it smoar yn thús op de bank as harren klup spilet. Omdat se der eins hiel graach by wêze wollen hienen. Mar de frustraasje oer de macht fan Fox en it fertoande spul, hat harren der ta brocht om de stap te setten om net mear te kommen. It soe al helpe as alle klups de rêch rjocht hâlde soenen oer harren fêste spyltiden by de thúswedstriden. Yn it gefal fan SC Hearrenfean is dat op sneon om healwei achten, ûnder dy machtige lampen. Werom nei de basis. Mar ik bin bang dat dy slach al ferlern is.

(advertinsje)