Froulju SC Hearrenfean ambisjeuzer as ea

22 sep 2018 - 08:07

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean wolle in oanfal dwaan op de top fan Nederlân. Ferline jier einige it team fan trainer Roeland ten Berge op it tredde plakje yn de earedifyzje, mar se wolle mear by Hearrenfean.

We hawwe mear kwaliteit op it fjild rinnen.

Froukje Hofma, foarsitter fan de froulju fan SC Hearrenfean

"We binne hiel ambisjeus. Ferline jier binne we tredde einige en dan krijst de smaak te pakken", fertelt Froukje Hofma, foarsitter fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean. "Ik sis dan tsjin Roeland ten Berge, de trainer: 'We wurde twadde'. Dat mei ik net sizze fan him. Mar dêr geane we al foar!"

Der is in soad feroare by de klup. De begrutting fan de Feansters is omheech gien fan 200.000 euro nei 350.000 euro. Der binne ek acht nije spylsters by kaam. "We hawwe mear kwaliteit op it fjild rinnen, dus dêr meist ek mear fan ferwachtsje", fynt Hofma.

Trainer Roeland ten Berge is it diels iens mei de foarsitter: "Vorig jaar zijn we met beperkte middelen derde geworden. Als je speelsters erbij haalt, denkt men altijd meer, meer, meer. Maar even derde worden doe je niet. Ons doel blijft om de kampioenspoule te halen. Ik ben overtuigd dat we daar de selectie voor hebben."

Om de kampioenspûl te heljen, moat Hearrenfean yn de earedifyzje by de earste fiif einigje. Om dat te berikken wurdt der hurder wurke, fertelt Ten Berge: "We trainen dit seizoen meer en vaker en we hebben meer specialisten binnen gehaald. We zetten kleine stapjes."

Dy top fiif moat der wol yn sitte kinne foar de Feanfroulju. De konkurrinsje liket minder grut te wêzen as de ofrûne jierren. Ajax stiet noch wol op iensume hichte, mar dêrefter hopet SC Hearrenfean 'best of the rest' te wurden. Dat kin, want FC Twente is de nûmer twa fan ferline jier, mar dy klup hat troch de finansjele problemen en de degradaasje fan de manlju in stap werom dwaan moatten. Mei PSV en PEC Zwolle wist Hearrenfean ferline seizoen ek ôf te rekkenjen. Al liket dat dit seizoen dreger, want freed krigen de froulju in hurde tik te ferwurkjen, doe't der mei 5-0 ferlern waard fan PSV.

Fenna Kalma

In wichtige saak foar de sportive ambysjes fan Hearrenfean is it oanbliuwen fan spits Fenna Kalma. Se is noch mar achttjin jier en waard ferline seizoen topskoarer fan Hearrenfean yn de earedifyzje mei 21 doelpunten. Yn de earste wedstriid fan it nije seizoen, ferline wike út tsjin Achilles'29, makke de spits fan Haskerhoarne trije doelpunten. Kalma kaam dizze simmer ek noch út op it WK ûnder de 20 jier. Dêr skoarde se ferskate goals foar Oranje.

Geduld

Neffens trainer Ten Berge moat SC Hearrenfean geduld hawwe. Dêr kin spylster Tiny Hoekstra har yn fine: "We ha in nij team krigen mei in protte nije spilers. We spylje in oar soart fuotbal as de nije spylster wend wiene, dus dy moatte ynspile wurde mei ús. Dat moat noch gebeure." Hoekstra slút har oan by har trainer dat de kampioenspûl it doel wurde moat: "We moatte earst foar de top fiif gean en dêrnei fierder sjen wat realistysk is."

We zijn aan het bouwen voor de toekomst.

Roeland ten Berge, trainer froulju SC Hearrenfean

Net allinne by it earste frouljusalvetal fan Hearrenfean bart it ien en oar. Der binne de ôfrûne moannen ek twa jeugdploegen bykaam: in famkesteam ûnder de fjirttjin jier en ien ûnder de sechstjin jier. "Er worden absoluut stappen gezet. We zijn aan het bouwen voor de toekomst", fertelt Ten Berge, dy't dêr in grutte hân yn hat. "Vanuit heel Noord-Nederland kunnen we talenten scouten. Daardoor hoeven we niet alleen maar spelers te halen. Dat geld kun je weer in je opleiding steken."

(advertinsje)