Van der Horst wrâldkampioene mei Nederlânske paradressuerploech

21 sep 2018 - 23:39

De Nederlânske paradressuerriders binne yn it Amerikaanske Tryon wrâldkampioen wurden yn de lannewedstriid. Grutte favoryt Grut-Brittannië waard mei in lyts ferskil fan 0,64% ferslein. Fanwegen dizze prestaasje binne de dressuerriders ek pleatst foar de Paralympyske Spelen yn Tokio fan 2020.

Foto: Robin Ammerlaan

Trije fan de fjouwer Nederlânske riders kamen tongersdei al yn aksje. Rixt van der Horst fan Grou, earder dit toernoai ek al wrâldkampioene mei har yndividuele proef, makke it dêrnei ôf foar Nederlân. It is de earste wrâldtitel foar Nederlân sûnt it WK paradressuer hâlden wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)