Sealfuotbalsters Drachtster Boys ûnderút tsjin KTP

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn Nieuw-Roden mei 3-1 ferlern fan KTP. Yn de earste helte makke Amber Bandringa it earste doelpunt troch in frije traap hurd yn 'e krusing te sjitten.
Fuotbal © Shutterstock.com
Nei it skoft koe tsjinstanner KTP de foarsprong ferdûbelje. In skot fan Nancy Loth feroare fan rjochting en bedarre yn it doel. De ploech út Nieuw-Roden makke ek noch de 3-0. Drachtster Boys koe krekt foar de ein fan de wedstriid noch wol de earetreffer op it boerd sette; dy kaam op namme fan Aruni Westerhout-Slagter. Takom wike spilet Drachtster Boys thús tsjin Exstsudiates Zwolle.

Avanti ferliest

De sealfroulju fan Avanti hawwe freedtejûn de earste kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern fan Team Alkmaar. It waard 5-1. It doelpunt fan Avanti kaam fan Kim Poepjes.