Swimbad It Gryn ûntromme

28 jun 2012 - 14:22

Swimbad It Gryn yn Stiens hat tongersdeitemiddei koarte tiid ûntromme west fanwege in brantsje. Dat ûntstie troch wurk op it dak. It fjoer wie gau út, dêrtroch bleau de skea beheind ta wat reek yn it swimbad. Op it stuit fan de brân wie der mar in lyts groepke swimmers yn it bad.

Woansdei waard de brânwacht ek al nei it swimbad roppen. Doe wie der úteinlik net echt brân.

Trefwurden: 
brân ûntromme It Gryn
(advertinsje)