SC Cambuur en Jong Utrecht komme net ta skoaren

Sportklup Cambuur hat twa punten ferspile op besite by Jong FC Utrecht. Yn in fierhinne leech stadion Galgenwaard kamen beide teams net ta skoaren: 0-0.
In ferslach fan Geert van Tuinen
In ôfstânsskot fan Justin Mathieu wie it hichtepunt yn de saaie earste helte. Nei in goed healoere rekke hy de peal. Earder wie dyselde Mathieu al gefaarlik mei in lobke, dat fan de line helle waard.
Jong FC Utrecht wie sa no en dan driigjender yn de earste helte. Jeredy Hilterman wie it tichtst by in goal: syn skot gie krekt njonken it doel fan Xavier Mous. Hilterman wie de ferfanger fan Nick Venema, dy't normaal wei de gefaarlike spits is oan de kant fan Utrecht.
René Hake

Mear spanning nei it skoft

Yn de twadde helte socht Cambuur wat hurder nei de iepeningstreffer. In skot fan Andrejs Ciganiks waard blokt en Utrecht-doelman Thijmen Nijhuis brocht rêding op in skot fan Karim Rossi.
Krekt as foar it skoft wie Mathieu in kear ticht by in goal. Linksback David Sambissa sette foar en Mathieu kaam krekt wat tekoart om de bal binnen tikje te kinnen.
It tichtst by wie lykwols Emmanuel Mbende. De ferdigener sette syn holle tsjin in frije traap fan Mathieu, mar Nijhuis stie opnij yn it paad. Dêrnei skeat Robin Maulun noch in kear krekt njonken.
Yn de lêste minút fan de reguliere spyltiid ûntsnapte Cambuur oan in nederlaach. Sylla Sow spile it net goed út.
Kevin van Kippersluis nei lykspul
Jong FC Utrecht - SC Cambuur 0-0 (0-0)
Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Ciganiks, Schindler (63/Maulun), Schils (80/Kallon); Mathieu, Rossi (63/Robertha), Van Kippersluis