Basisskoallen oer it algemien posityf oer Taalplan Frysk

Frysk prate, lêze en skriuwe: op mear as de helte fan de skoallen moat it Frysk ûnderwiis in stik better. Dat die tongersdei bliken út it nije Taalplan Frysk. Alle skoallen krije oant 2030 de tiid om te foldwaan oan de kearndoelen dy't de provinsje steld hat om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen.
Skoallen posityf oer Taalplan
Skoallen binne oer it algemien posityf oer it nije Taalplan, mar dat betsjut noch net dat de tapassing derfan fuortendaliks feroaret. Sa maklik is dat net, sa sizze de skoallen.

"Taal heechhâlde"

Liesbeth Markus is fan basisskoalle 't Partoer yn Burgum. Sy fynt it wichtich dat bern it Frysk meikrije. "It is harren memmetaal. It is harren eigen. Wy moatte dy taal ek heech hâlde mei syn allen; it is wichtich dat it bestean bliuwt."
Direkteur Astrid Landman fan De Romte yn Tytsjerk fynt it ek wichtich dat bern it Frysk meikrije, mar dat mei net neidielich útpakke foar oare fakken. "Je moatte ek sjen nei de populaasje. Wat fine âlders? En yn hoefier komme wy ta oan ús basisfakken? Wy wurde der no noch net op ôfrekkene."

"Earst de rest op oarder"

En wat as dat yn de takomst mei it Taalplan wol bart? "Dat fyn ik dreech. De rest moat neffens my earst op oarder wêze; it Frysk komt dan wat my oanbelanget op it twadde plak."