Froulju SC Hearrenfean hurd ûnderút yn earste thúswedstriid

21 sep 2018 - 21:25

De frouljusploech fan SC Hearrenfean is freed hurd ûnderút gien yn de earste thúswedstriid fan it seizoen: PSV wûn mei 5-0 op sportpark Skoatterwâld. By it skoft stie it al 0-3 en ek dêrnei wie PSV folle better.

In wike lyn begûn Hearrenfean noch mei in grutte oerwinning oan it nije earedifyzjeseizoen: doe waard it 6-2 op besite by Achilles'29. Diskear krige Hearrenfean sels goal nei goal om de earen. De earste foel nei in lytse tweintich minuten: Hearrenfean krige de bal net fuort en Aniek Nouwen skeat de 0-1 tsjin de touwen.

Foto: Wiegmink Media

Yn de tsien minuten foar it skoft naam de ploech út Eindhoven ôfstân. Katja Snoeijs krige in ôffallende bal foar de fuotten en skeat raak yn de fiere hoek. Kayleigh van Dooren makke der noch 0-3 fan. Hearrenfean hat yn de earste helte gjin kâns hân.

PSV dominearret twadde helte ek

Snoeijs skoarde koart nei it skoft alwer, opnij nei in ôffallende bal. Dêrnei wienen de bêste kânsen noch hieltyd foar PSV en it wie in wûnder dat it sa lang 0-4 bleau. Allinnich Fenna Kalma wie foar Hearrenfean noch even ticht by de earetreffer.

Dy foel net. Yn de slotfaze bepaalde ynfaller Nadia Coolen de einstân op 0-5.

Foar de wedstriid holden Hearrenfean en PSV in minút stilte om de slachtoffers fan it drama yn Oss te betinken. Nei in oanriding tusken in elektryske bakfyts en in trein kamen dêr tongersdei fjouwer jonge bern om it libben.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal PSV
(advertinsje)