Himp fûn op 31 fan de 112 besochte adressen, plysje fynt aksjewike sukses

21 sep 2018 - 20:45

De plysje fan Noard-Nederlân hat de ôfrûne wike ekstra minsken ynset om himpplantaazjes op te rôljen. Yn de trije noardlike provinsjes hat de plysje 112 adressen besocht. Op 31 fan dy 112 fûn de plysje himp. Ek hat de plysje 60 liter floeibere GHB yn beslach nommen. Alles hie mei-inoar in wearde fan 1,7 miljoen euro.

Foto: Public Domain Pictures

Dat de plysje op mar in kwart fan alle besochte plakken ek himp fûn hat, is neffens plysjesjef Naomi Hoekstra gjin reden om it in mislearring te neamen. De plysje fûn it in suksesfolle wike. "Het belangrijkste doel van deze actie was bewustwording van het gevaar van hennepkwekerijen", seit Hoekstra. Dêrby doelt se benammen op brângefaar. "In Drachten troffen we hennep aan in een rijtjeswoning met een brandgevaarlijke situatie. Je zult er maar naast wonen."

De plysje krijt neffens Hoekstra it hiele jier troch meldingen fan fermoedens fan himp yn wenningen. "Van sommige meldingen kunnen we vooronderzoek doen, van andere niet. Maar als ik zie wat we nu hebben aangetroffen, in totaal 3500 planten op 31 adressen, dat is niet niks."

Op in lytse tachtich plakken dêr't de plysje west hat, wie dus gjin himp. Krityk dêrop fynt Hoekstra net terjochte. "Er is dan wel een melding binnengekomen. En we zijn bijna overal binnengelaten. Als je niets te verbergen heb, dan werk je wel mee", seit de plysjesjef. "We hebben geen invallen gedaan, we bellen gewoon aan. Als we ergens niet naar binnen mochten, vroegen we toestemming van de officier van justitie. Als we geen toestemming kregen, gingen we weer weg."

Trefwurden: 
plysje himp kwekerij
(advertinsje)