De krisis is foarby: nei tsien jier wer nijbou by Kollum

21 sep 2018 - 20:06

Tsien jier lang wie der gjin wentebou fan betsjutting by Kollum. Oan de noardwestlike kant fan it doarp wie wol grûn beskikber, mar yn de krisis gie projektûntwikkeler Megahome út Almelo fallyt. Dy grûn is yn hannen kommen fan in nije projektûntwikkeler út de buert fan Kollum. Freed sette de ferkeap fan it plan Westenstein II offisjeel útein, mei in startgearkomste dy't fanwege de hurde wyn op it lêst noch ferpleatst waard fan in tinte by de nijbouwyk sels, nei it gemeentehûs. Dêr wie de belangstelling freed grut.

De krisis is foarby: nei tsien jier wer nijbou by Kollum

Westenstein II bestiet út 55 kavels. In diel dêrfan is al ferkocht. Benammen de twa-ûnder-ien-kap-wenten kinne rekkenje op in soad belangstelling. Dêrop binne al acht opsjes nommen. Mar ek de oare kavels rinne goed. Makelder Douwe van der Schaaf is optein. "By de offisjele startgearkomste niiskrekt ha 'k alwer in pear yn opsje jûn. Dy minsken fregen der echt mei klam om. It is no 'booming', dat kinst echt fernimme."

In diel fan de hûzen yn Westenstein II bestiet út twa-ûnder-ien-kap-wenten - Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

Geduld nedich

It wie Pouwel Pijnacker fan it nije bedriuw Lytsewâld BV dy't hearde dat de bougrûn fan it fallite Megahome te keap stie. Hy melde him by de kurator. Dêrby hie er flink wat geduld nedich om de grûn te keapjen. "Dit heeft een jaar geduurd. Ten eerste omdat het om veel geld gaat om zoiets te verwerven. Maar ook omdat de curator iedere bieding die ik deed moest overleggen met de rechter-commissaris."

Pijnacker is der tige wiis mei dat it slagge is en dat der no safolle belangstelling is. "Dit voelt geweldig goed" Pijnacker wol mei syn nije bedriuw mei faasje mear bouprojekten opstarte. "Dat zal in Friesland zijn, maar ook in Groningen. Maar waar precies, dat kan ik nog niet vertellen. Dat zou niet netjes zijn."

Oan de râne fan Kollum

Westenstein II leit hielendal oan de râne fan Kollum. In protte fan de nije eigeners hawwe in frij útsjoch oer it fjild. En dat bliuwt ek sa, seit wethâlder Jan Benedictus fan Kollumerlân. "Ik jou gjin garânsje foar wat der oer 30 jier bart, mar de earste 20 jier sjoch ik hjir gjin útwreiding mear. As der nije hûzen komme, sil dat fral yn de kearn fan Kollum wêze."

De wethâlder wiist der op dat dêr noch 8.000 kante meter bougrûn frij is. Ek ferwachtet hy dat der nochris 1,4 bunder bykomt, as besletten wurdt dat de gebouwen fan de middelbere skoalle sloopt wurde.

Megahome gie yn de simmer fan 2016 fallyt. De kurator hie mei in team oardel jier nedich om it hiele ympearium yn byld te krijen, omdat de besittingen ûnderbrocht wiene yn in grut ferskaat oan BV's en stiftings. Ferskate gemeenten rekken dupearre, omdat ôfspraken oer it oankeapjen fan grûn en it ûntwikkeljen fan bouprojekten net trochgean koene. De krante Tubantia melde yn jannewaris fan dit jier dat de skuld fan Megahome oprûn wie nei 268 miljoen euro.

Trefwurden: 
Kollum nijbou Westenstein II
(Advertinsje)
(Advertinsje)