Ferkearsedukaasjestifting SBV Drachten fiert 25-jierrich jubileum sûnder Stints

De ferkearsedukaasjestifting SBV yn Drachten bestiet 25 jier. Sa'n 400 rydynstrukteurs út it noarden binne by de stifting belutsen en in grut part dêrfan fierde freed it jubileum op it VerkeerseducatieCentrum yn Drachten. Om de besikers fan en nei in ekstra parkearterrein te riden, hie Friesland Lease twa Stints beskikber steld. Op fersyk fan de organisaasje binne dy dochs mar net ynset fanwege it dramatyske ûngelok mei in Stint tongersdei yn Oss.
De Stint's stiene freed wurkleas foar it Verkearseducatie Centrum yn Drachten © Omrop Fryslân, René Koster
Ferkearsedukaasje en -feilichheid is krekt it sintrale tema by de Stichting Bevordering Verkeerseducatie. Mar wat der ek ynset wurdt oan edukaasje, training en foarljochting, it tal ferkearsslachtoffers bliuwt heech.
Ferslachjouwer René Koster wie by de jubileumfiering
© Omrop Fryslân, René Koster
Dochs feroarje de gefaren wol. Auto's krije bygelyks hieltyd mear feilichheidssystemen, mar de fytser wurdt kwetsberder. Tink oan de hegere snelheden mei elektryske fytsen, it gruttere tal senioaren dat langer oan it ferkear dielnimt en de ôflieding troch de smartphone by ferkearsdielnimmers. Dat freget om fernijing fan de ferkearsedukaasje dêr't tal fan organisaasjes dan ek drok oan wurkje.