UPDATE: Fermiste persoan nei omslaan boat by Terherne meldt him

21 sep 2018 - 18:23

De helptsjinsten binne útriden nei it wetter fan de Terkaplester Puollen by Terherne. Dêr wie in sylboatsje omslein en ien man wie even fermist. Hy kaam koart dêrnei sels alwer oanfarren om syn boat op te heljen.

Foto: SRfotografie

De boat sloech nei alle gedachten om troch it minne waar.

De brânwacht fan Langwar en dûkers wiene teplak om te sykjen nei it slachtoffer, mar dy syktocht koenen se dus ôfkappe.

(advertinsje)