Opslaan swiet wetter biedt kânsen foar takomst lânbou Lauwersmargebiet

21 sep 2018 - 18:03

It opslaan fan swiet wetter yn 'e grûn kin grutte foardielen biede foar de lânbou yn it Lauwersmargebiet. Dat docht bliken út in ferkennend ûndersyk, útfierd troch Acacia Water yn opdracht fan LTO Noord, Programma naar een Rijke Waddenzee en agrariërs út it gebiet.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Boeren yn it gebiet oan 'e râne fan de Lauwersmar wurde dan minder kwetsber foar klimaatferoaring en boaiemdelgong. De teelt fan kapitaalyntinsive gewaaksen lykas poatierappels, griente en sipels soe dêrmei ek yn 'e takomst waarboarge wurde kinne.

It Lauwersmargebiet

Fanwegen ferskate ûntwikkelingen is it Lauwersmargebiet in kwetsber gebiet, sa wurdt skreaun yn it ûndersyk. De seespegel yn it gebiet wurdt heger en dat hat ynfloed op de druk en it oanwêzige sâlte grûnwetter. Troch klimaatferoaring nimt de yntinsiteit fan de delslach ta, mar wurde drûge perioaden lykas ôfrûne simmer langer. Om't it Lauwersmargebiet bysûnder ôfhinklik fan wetteroanfier is, wurde kreative oplossingen hieltyd wichtiger.

Opslaan fan swiet wetter

It opslaan fan swiet wetter yn saneamde swietwetterlinzen soe in takomstbestindige oplossing wêze kinne. Dat bart no ek al wol, mar noch net systematysk. Yn 'e hjerst en yn 'e winter wurdt noch hieltyd in soad oerfloedich wetter ôffierd nei de Waadsee, wylst der mei drûge perioaden tekoarten binne. Grutskalige opslach fan swiet wetter soe hjir neffens it ûndersyk feroaring yn bringe kinne.

As ferfolch op it ûndersyk binne de belutsen partijen fan doel in pilot op te setten oan de súdkant fan it Lauwersmargebiet. As der genôch jild foar it programma op tafel komt, hoopje de partijen takom jier begjinne te kinnen mei de útfiering fan it projekt. Takom wike sille ek de provinsje en ferskate wetterskippen om tafel om it ûndersyk te bepraten.

(advertinsje)