Grienôffal Ljouwert wer yn de brân nei ynslaan wjerljocht

21 sep 2018 - 17:54

In bult mei grienôffal oan de Newtonwei yn Ljouwert is freed yn de brân flein nei it ynslaan fan wjerljocht. It is al de tredde kear yn koarte tiid dat de bult yn de brân stiet.

Foto: Nick den Boer

De brânwacht is mei heechwurkers dwaande it fjoer te dwêsten. Ien dêrfan is de nije heechwurker fan Ljouwert, dy't foar it earst ynset wurdt. Ek it grutwettertransport is te plak om mei te helpen.

De reek waait nei it sintrum fan Ljouwert ta. De Newtonwei is ôfsletten.

Trefwurden: 
brânwacht brân grienôffal
(advertinsje)