Begrutting provinsje sakket kommende jierren mei goed 100 miljoen

21 sep 2018 - 17:39

De provinsje Fryslân hat de kommende jierren hast in kwart minder te besteegjen. Dat komt ûnder oare trochdat de NUON-jilden op reitsje. Dat jild hie de provinsje ophelle troch oandielen fan de enerzjymaatskippij te ferkeapjen. De provinsje hat foar kommend jier noch in begrutting fan hast 423 miljoen euro. Oer fjouwer jier sakket dat nei 322 miljoen. Yn novimber prate de Provinsjale Steaten oer de begrutting.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

"It wie ienmalich jild", seit deputearre Sander de Rouwe oer it NUON-jild. "En we ha dêr noch wol wat jild fan, mar dat hâldt yn de takomst in kear op."

Deputearre Sander de Rouwe oer de begrutting

Dochs stiet de provinsje der nei eigen wurden wol goed foar. Takom jier kin Fryslân fierder wurkje oan fytsfeiligens, grutte ynfraprojekten, it oanlizzen fan breedbân, in sirkulêre ekonomy en it fêsthâlden fan de enerzjy út 2018. "Fryslân bliuwt in rike provinsje kwa kultuer en kwa jild", seit De Rouwe. "Mar we moatte net wenne oan it NUON-jild."

"Der is noch romte"

As de provinsje hieltyd minder oerhâldt oan it NUON-jild, moat der dan op in oare wize jild binnenkomme? Dat soe de provinsje dwaan kinne troch de opsinten omheech te bringen. "Wy wolle dat net. We ha dizze perioade de opsinten bewust omleech helle, want we seagen dat we genôch jild ha. Ik hoopje dat dat yn de takomst ek net hoecht. En it is tink ik ek net nedich, want der is struktureel noch romte."

"De ekonomy lûkt no wer oan, dat betsjut ek dat in oerheid net mear alles hoecht te beteljen. In bytsje anty-syklus tinke soe bêst kinne. Dan ha we ek wat jild oer as it ekonomysk wer ris wat tsjin sit."

Wêr giet it jild hinne?

Foar 2019 is de begrutting dus 423 miljoen euro. Dêrfan giet 110 miljoen euro nei ynfrastruktuer (ûnderhâld en projekten), ek 110 miljoen nei Omjouwing (wetter, miljeu, lanlik gebiet, enerzjy en romte), 51 miljoen nei it programma Mienskip foar in leefber en fitaal Fryslân en likernôch 30 miljoen nei ekonomy. Fierder giet der 117 miljoen euro oan provinsjaal jild nei projekten as de N381 en in ekstra trein op it trajekt Ljouwert - Grins.

(advertinsje)